Sertifikaat foar twatalich wurkjen

Sertifikaat foar twatalich wurkjen

Ychtenbrêge – Pjutte-opfang De Veenscheiding fan Ychtenbrêge hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ foar trije jier ferlinge. De lokaasje fan Doomijn wurket sûnt 2014 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Yn 2017 hawwe sy dêr it sertifikaat foar behelle. Om ‘e trije jier wurdt der op ‘e nij besjoen oft lokaasjes noch altyd neffens de rjochtlinen wurkje. By De Veenscheiding wie dat yn oarder en it sertifikaat is wer foar trije jier fertsjinne.

Twatalichheid 
De Lemstervaart falt ûnder organisaasje Doomijn. Dy biedt ûnder oaren berne-opfang, pjutte-opfang en bûtenskoalske opfang yn in grut part fan Nederlân. In oantal fan har lokaasjes yn Fryslân wurket mei in twatalich belied.
By De Veenscheiding sjocht dat der as folget út: Tineke praat Frysk mei elkenien en Ilonka docht dat yn it Nederlânsk. Om beide talen lykweardich oan te bieden, hawwe sy ôfwikseljend de lieding op in pjuttemoarn. Der wurdt ek wurke mei praatpoppen. Pop Tomke praat altyd Frysk en pop Bas praat Nederlânsk. De beide talen krije ek omtinken by aktiviteiten as foarlêzen en sjongen. Troch de talen dúdlik fan elkoar te skieden leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.
Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by De Veenscheiding west te sjen. Sy hifkje it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de ûntwikkeling. Oer de útstrieling fan it twatalich belied skriuwt de kommisje: ‘De twataligens is boarge yn de skriftlike en mûnlinge kommunikaasje, likegoed yntern as ekstern
Yn de romte is de twatalige útstrieling dúdlik sichtber troch de twatalige wurdkaarten en hoekekaarten en troch de twatalige tema-oankundiging.’
En oer it stimulearjen fan taal: ‘It foarlêzen giet ynteraktyf, sadwaande binne de bern tige belutsen by it ferhaal. As de toskboarstel en de tandpasta nei it foarlêzen ek noch sjen litten wurde troch Tineke, komme de ferhalen hielendal los.’

By it sertifisearringstrajekt krijt pjutte-opfang De Veenscheiding begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 250 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.