FNP leit freed 4 en sneon 5 maart op De Lemmer mei in ‘Vaarhuis’

FNP leit freed 4 en sneon 5 maart op De Lemmer mei in ‘Vaarhuis’

DE LEMMER – FNP leit freed 4 en sneon 5 maart op De Lemmer mei in ‘Vaarhuis’. Alle Lemsters binne fansels wolkom oan board mei fragen en plannen!

De FNP is farrend op wei nei de gemeenteferkiezings. De tocht bij de kiezers lâns is tiisdei 22 maart begongen yn Terherne. Dêrnei wienen De Jouwer en Terherne oan bar. Oanslutend, op freed 4 en sneon 5 maart leit it ‘Vaarhuis’ op De Lemmer. De FNP prissentearret ûnderweis fan har kant de koers foar de kommend jierren. Sa’t Gerda de Vries, listlûker, bij de kampanje-iepening sei: Yn dizze kommende 4 jier wolle wy ús ynsette foar Betelbere duorsume wentebou, yn alle doarpen en stêd. Passe op de romte en natuer dy’t wij ha. Us iepen lânskip hoedzje, gjin sânwinning of oare fratsen yn de Iselmar. Kultuer, taal, eveneminten en sport fersterkje. Ferienfâldiging fan fergunningoanfraach foar eveneminten. Beslútfoarming tichter by de boarger.”

Ynformaasje

Oan board is fansels alle ynformaasje oer wat de FNP fierder op priemmen hat. Mar at josels plannen of oare spearpunten ha: dit is de kâns om dat witte te litten. Kommende freed en sneon, 4 en 5 maart leit de boat op ‘e Lemmer. Wês wolkom, fertel jo ferhaal, de bern kinne ûnderwilens in kleurplaat yntekenje en kinne dermei in ysko by Yskâld op de Lemmer ophelje.
Listlûker Gerda de Vries en Remboud van Iddikinge út de Lemmer sitte foar jo klear.

“Oant sjen op 4 en 5 maart op de Lemmer yn it Vaarhuis oan it Dok”