Wa wint de Fryske Kultuerpriis

Wa wint de Fryske Kultuerpriis De Fryske Marren 2020?

DFM – Elts jier set de gemeente wer in Frysktalich kulturiel inisjatyf yn ús gemeente yn it sintsje, mei de Fryske Kultuerpriis. De priis bestiet út in bedrach fan €750,-. Ferline jier wûn de Nijjiersrevu fan De Jouwer. Ek foar 2020 wolle wy de priis útrikke, ek al is der dit jier in protte net trochgien troch de korona. De sjuery ropt derom ynwenners en pleatslike belangen op om foardrachten foar de priis te dwaan. Dat kin fansels ek in online ynisjatyf wêze, muzyk of in moai boek.

Oanmelde foar 18 desimber
Jim kinne it inisjatyf dat foar de priis yn oanmerking komme kin, oanmelde troch foar 18 desimber in mail te stjoeren nei: info@defryskemarren.nl mei de namme fan de kandidaat en telefoannûmer en emailadres fan de kontaktpersoan. Graach maile t.a.f. Yde Wierda. Wolle jim by de foardracht wol yn it koart oanjaan wêrom at jim fine dat dit inisjatyf yn oanmerking komt foar de priis? Graach as foardrager ek jo eigen namme, emailadres en telefoannûmer yn de mail sette.