FNP – Trije Lemsters by de earste 10

De FNP hat lêstendeis de list fêststeld foar de gemeenteriedsferkiezing fan 21 maart 2018.
Jan Volbeda fan Aldegea is listlûker wurden. Fierder stean by de earste tsien kandidaten 3 Lemsters: Johannes van der Pal, Remboud van Iddekinge en Oppie Riedstra. Alle trije binne goed bekend mei de Lemmer en omkriten.
FNP-wethâlder Johannes van der Pal wie ek yn it eardere Lemsterlân wethâlder, doe noch foar Gemeentebelangen.
Ek Remboud van Iddekinge stiet heech op ‘e list, hy wennet yn it sintrum fan de Lemmer en hat in eigen bedriuw yn skoalle materialen. Hy is 8 jier riedslid yn de ried fan Lemsterlân en De Fryske Marren. Yn 2015 hawwe Van Iddekinge en de FNP de lokale krêften yn de Fryske Marren bondele. Bestjoer, finânsjes en ûnderwiis binne ûnderwerpen wêr’t hy in soad fan ôfwit.
Undernimmer Oppie Riedstra, earder fan Gemeentebelangen yn Lemsterlân, is eigner fan de iissalon Iiskâld en fiskwinkel. Se wit as gjin oar wit der spilet op ‘e Lemmer.’