Teäterfoarstelling FLOED yn en om it Woudagemaal

Teäterfoarstelling FLOED yn en om it Woudagemaal Almar Setz Fotografie

DE LEMMER – It Ir. D.F. Woudagemaal op ‘e Lemmer is fan 22 septimber o/m 7 oktober it poadium foar FLOED. Stichting de Noorder Smederij bringt dit bysûndere ferhaal oer wetter en it gemaal ta libben. Underdompele yn teäter en muzyk belibbet de taskôger FLOED yn en om it Woudagemaal. De kaartferkeap set woansdei 22 febrewaris 2023 útein.

Koronapandemie

FLOED soe al yn 2021 yn premjêre gean, as kroan op it 100-jierrich jubileum fan it Ir. D.F. Woudagemaal. Troch de koroanapandemy is doe besletten de teäterproduksje út te stellen nei 2023.

It ferhaal fan FLOED

It Woudagemaal op ‘e Lemmer fertelt al mear as hûndert jier ferhalen. Mar ien ferhaal is noch altyd net ferteld. It ferhaal fan Mare en Gula, it wetter en it gemaal. Mare hat mar ien grutte leafde yn har libben, it wetter. Dy leafde feroaret yn in einleaze langstme nei wetter, nei mear wetter. As Mare har leafde ferklearret oan it wetter by de Iselmar, beslút Gula om it Woudagemaal út har sliep te heljen. It wetter foar it gemaal komt driigjend omheech. It gemaal begjint hieltyd hurder te draaien, mar sil it op ‘e tiid wêze om Mare te rêden?

‘Onze boodschap prachtig verwoord’

Wetterskip Fryslân biedt it stoomgemaal graach oan as poadium foar FLOED. ‘Ook dit jaar vieren we een jubileum. Het is 25 jaar geleden dat het Woudagemaal op de Werelderfgoedlijst van UNESCO is opgenomen’, fertelt dykgraaf Luzette Kroon. ‘FLOED is een bijzondere theatrale en muzikale beleving, waarin cultuur en water met de mienskip worden verbonden. Dat het leven met water niet vanzelfsprekend is, merken wij dagelijks in ons werk. De veranderingen in het klimaat vragen om meer investeringen, andere oplossingen, maar vooral ook om een andere mentaliteit. We zijn met elkaar verantwoordelijk om ervoor te zorgen dat we ook in de toekomst veilig kunnen wonen, werken en recreëren in ons land. Deze boodschap heeft Stichting de Noorder Smederij prachtig verwoord in de voorstelling FLOED. Hiermee willen we graag een breed publiek op een andere manier laten genieten van het unieke karakter van ons Werelderfgoed.’

 Ir. D.F. Woudagemaal

It Woudagemaal, eigendom fan Wetterskip Fryslân, is it grutste noch wurkjende stoomgemaal fan ‘e wrâld. It stoomgemaal waard yn 1998 op ‘e UNESCO Wrâlderfguodlist pleatst. By ekstreem heech wetter soarget it gemaal noch altyd foar drûge fuotten yn Fryslân. Keninginne Wilhelmina iepene it Woudagemaal mear as hûndert jier lyn, op 7 oktober 1920. In unyk gebou op in unike lokaasje en noch altyd funksjonearjend yn in tige aktuele kontekst: de striid tsjin it wetter.

Spyldata en kaartferkeap

Spyldata: 22 septimber o/m 7 oktober 2023. De rezjy fan FLOED is yn hannen fan Theo Smedes en wurdt produsearre troch Stichting de Noorder Smederij.

Bestel no alfêst jo kaarten en sjoch foar mear ynformaasje op: www.floed.nl.