DE LEMMER – De premjêre fan it programma Fryslân heite fan it selskip Blikstiender fan `e Lemmer yn it Baken wie sneintemiddei 27 novimber in grut sukses.
Foar in entûsjast publyk (útferkocht) brocht it selskip, yn de foarm fan flotte sketskes en lietsjes, in tiidreis troch de rike skiednis fan Fryslân.
Fan de tiid fan de terpen nei de tiid fan hjoed en moarn wisten de spilers/sjongers, mei begelieding fan it skittererende kombo, it publyk hast twa oeren lang te boeien en te fermeitsjen.
Dan wer krige men it publyk los mei humor en healwize streken, lyk as yn de sketsen Op è terp en Heerenveen-Cambuur, dan wer krigen men har mûsstil sa as bygelyks yn de dûnssêne mei liet yn Mata Hari.
Oan it begjin fan `e middei spruts it selskip de winsk út om mei dit programma de boer op te gean.
Sjoen de positive reaksjes fan it publyk moat dat seker mooglik wêze.
It earste optreden is al fêstlein: 8 desember yn Drachten foar de Ouderenbonden fan Smallingerlân (útferkocht) en ek De Lemmer sil noch wol in kear fan harren optreden genietsje kinne.
Want dat wie it dizze middei: genietsje!
[vc_gallery type=”image_grid” interval=”3″ images=”49068,49069,49070,49071,49072,49073,49074″ onclick=”link_image” custom_links_target=”_self” img_size=”190×140″]