Gewoan Dwaan Lemmer

Noch leafhawwers foar ymprovisaasjetoaniel?

Gewoan Dwaan is novimber 2019 útein setten mei workshops toaniel foar oanstoarmjend talint, regisearre troch Baukje Miedema. De trije peilers fan it toanielspyljen: stim, gesichtsútdrukking (emoasje) en hâlding (karakter) binne elk in jûn oan bod west. Ek ha wij ús twa kear smiten op teatersport. Dat hâldt yn dat je mei elkoar koarte ymprovisaasjes dogge. Je krije in rol (heit, freondin, kollega) en in emoasje of in sitewaasje jûn, en dan sjen wer’t je mei elkoar bedarje. Hardstikke leuk om te dwaan. It foardiel dêrfan, ferlikene mei gewoan toaniel, is dat elk in soad oan bar komt.
Je kinne dus ek as begjinner mar raak personaazjes en emoasjes en hâldingen besykje en oefenje. Der sit ek minder spanning op as bij gewoan toaniel. Want je hoege net in tekst te kinnen en je kinne it noait ferkeard dwaan. Mear romte dus om wille te meitsjen en te genietsjen.

Dit jier geane wij oan de slach mei in foarstelling
It liket ús leuk om teatersport te koppeljen oan gewoan toaniel. Famyljerelaasjes, iensumens, bysûndere minsken en frouljusdingen binne tema’s dy’t ús oansprekke. Dêr ymprovisearje wij op en dêr helje wij in tal sênes út dy’t wij ynstudearje.
Hoe en wat is noch in aventoer. En hoe en wat de foarstelling dus wurdt, dat sil ek noch groeie. Wij tinke oan in kombinaasje fan dy ynstudearre sênes mei teatersport. Mar it kin ek oars beteare.

WE SYKJE NOCH IN TAL MINSKEN
dy’t dit aventoer mei ús oangean wolle. Sawol froulju as manlju. Benammen de frouljusdingen ha manlju ek wol wat oer yn te bringen, tinke wij. Mar sawysa is alles noch iepen, dus nije minsken bringe ek nije winsken en ideeën mei. En dat is tige wolkom.
Wij komme tiisdeitejûns bij elkoar op ‘e Lemmer.
Gewoan dwaan
www.lemmer-gewoandwaan.nl