Fryske Kultuerpriis De Fryske Marren 2019

DFM – Yn De Fryske Marren wurdt in protte Frysk brûkt, sa as út sifers blykt: 70 oant 80% fan ús ynwenners praat Frysk, 80 oant 90% ferstiet it ek. De gemeente wol it brûken fan it Frysk stimulearje. De útrikking fan de Kultuerpriis is dêr in middel ta.
Wethâlder Luciënne rikke op de nijjiersgearkomst fan de gemeente de Fryske Kultuerpriis út oan it bestjoer fan nijjiersrevu De Jouwer. Bestjoersleden Durk Brouwer en Vivian Holtrop-Brattinga namen de priis fan € 750,- yn ûntfangst.

De sjuery (Hindrik Boonstra fan Sint Nyk, Baukje Meetsma fan De Lemmer en Anne Herrema fan Balk) hat de nijjiersrevu selektearre út 6 foardrachten.

error: Let op: Deze inhoud is beschermd! Kopiëren of bron bestanden te gebruiken is niet toegestaan!