DE LEMMER – Fan bokking nei lekkerbek is in sjongstik mei lietsjes en körte sketskes, en giet oer De Lemmer fan ongefear 1880 – heden. “We gean stapke för stapke troch de tiid en helje in oantal saken nei förren dy in rol spile he/spylje yn de ontwikkeling fan De Lemmer nei it dörp dat it no is. En feself sjogge we even mei in knipeech nei de takomst.
It stik wurdt presenteard troch it Lemster Shantykoar en it Lemster Wivekoar, oanfuld mei in bernekoarke. Uze takomst solle we mar sizze.”
Bekende ferskes
Der binne in soad bekende ferskes yn dit stik te hearren. De measten binne, krekt as it stik self, troch Stoffel Zandstra skraun. Fjidder is der onder mear in liet fan Jan Scheffer en in ferske fan Herman van Veen en in pear bekende shantylietsjes mei in spesjale tekstbewurking för dit stik.
De begeleiding bestiet út de akkordeonisten fan it Shantykoar en it Wivekoar: Bea Berman, Jan Veeneman, Klazien Cuiper en Anneke de Graaf. Tydens it stik solle der moaie fotobeelden fanne Lemmer op it grutte skerm te sjen wêze. It stik wurdt yn ien kear spile; dus sonder pauze! En net te ferjitten: We prate in sjonge alles yn IT LEMSTERS!!!
Kaarten
Tagangspriis€ 15,- en kaarten binne te keep bij Primera op `e Lemmer.
affysje fan bokking nei lekkerbek