Lieke de Groot wint fotowedstrijd

Foto Lieke de Groot

DE LEMMER – Op de winnende foto fan Lieke de Groot út De Lemmer, spat de nocht fan de Himmelders der ôf. De learlingen fan it Zuyderzee Lyceum binne mei gripers dwaande it ôffal, faak plestik, út de kieren en naden fan it dykje lâns de Iselmar te heljen.
Lieke die mei oan de fotowedstriid Himmelaksje en krige de earste priis fan ‘e faksjuery (natuerfotograaf Jan Tijsma).
De Himmelaksje foar de Iselmarkust is foar it grutste part skjin, moandei it lêste sturtsje.

Publykspriis
De publykspriis is fallen op de foto fan Gea van der Wal fan Aldemardum dy’t sjen lit dat elke pier
meinommen wurdt.
Moarns is it hiele stik fan De Lemmer oant De Hege Gerzen skjinmakke troch de mavo-boppebou fan it Zuyderzeelyceum. Middeis ha frijwilligers fan de kuststreek de strânen oant en mei Makkum ûnder hannen nommen.
Moandei wurdt yn it kader fan de Gaasterlandse Natuurweek de Mokkebank en it Aldemardumerklif noch himmele. Allebeide natoergebieten dêr’t je normaal net komme meie.
Leafhawwers kinne har noch opjaan fia https://gaasterlandsenatuurweek.nl/activiteiten/

Foto Gea van der Wal