TV Programma Typisch op ‘e Lemmer

DE LEMMER –  Dit seizoen leit Typisch oan op ‘e Lemmer. Dit doarp oan it IJsselmar leit oan de râne fan Fryslân en jout tagong ta de Fryske marren troch slûs en brêgen. Yn de simmermoanen feroaret dit rêstige doarp yn in drok wettersportplak fol toerisme. De manlju dy’t gearkomme by praatplak ‘Ûnder de hoeke’ sprekke Lemsters, in taal dy’t net ferlern moat gean. Typisch Lemmer is fanôf 11 oktober elke moandei oant en mei tongersdei om 19.15 oere by BNNVARA op NPO 2 te sjen.

Marten en Tinemarie

Marten (70), in berne Lemster wennet mei syn frou Tinemarie (61) oan it Dok yn Lemmer. Nei’t er by in fiskferwurkingsbedriuw wurke hat, genietet hy no fan syn pensjoen en syn beppesizzers Rixt en Fardou. Tegearre bringe se in soad tiid troch op Marten syn Lemsteraak. Nettsjinsteande it feit dat Marten mei pensjoen is, stiet hy net stil. Hy is bygelyks in frijwilliger by de pleatslike kringloopwinkel en tegearre mei Tinemarie is hy aktyf yn ‘e mienskiplike buerttûn, de Pietertûn.

Judy

Judy (53) kaam sa’n seis jier lyn yn kontakt mei flechtlingen út it oanbuorjende asylsikerssintrum yn Balk tidens de levering fan in Krystpakket. De kearen dêrop namen Judy en har man Erik inkele boeken út de biblioteek mei en begûnen op in picknick bankje yn ‘e sinne Nederlânske lessen te jaan. Ol gau kamen de flechtlingfamyljes ek by Judy en har famylje thús. De 30-jierige Hashmat wie hjir ien fan. Hashmat komt út Afganistan en is sûnder syn famylje nei Nederlân kaam. Hy beskôget Judy as syn Nederlânske pleechmem. Hy hat syn eigen sliepkeamer op ‘e souder en tegearre mei Judy besiket er De Baptistetsjerke op De Lemmer, Hashmat is hjir ek doopt.

Miss Suzette van der Pol

Suzette van der Pol (20) is eltse dei tusken de hynders te finen, mar har grutte passy leit by it meidwaan oan missferkiezings. Ferline jier waard sy utroppen ta Miss Intercontinental fan Fryslân. Suzette brûkt har kroan om jongeren bewust te meitsjen oer it ûntbrekken fan in jonge stim yn de polityk. Dit jier is ze op wei nei de nij te feroverjen titel: Miss Intercontinental fan Nederlân. Slagget it har om mei dizze titel nei hûs te gean?

Tony Leenes

Tony (70) is de grutske eigner fan it ‘Indian Motorcycle Museum’. Fan jongs ôf oan is hy gek fan motoaren, mar doe’t hy in Yndiaaske motor oanskaft hie, wie er pas echt ferkocht. Tony hat fan syn pasje syn wurk makke. Dêr is er daagliks dwaande mei it restaurearjen fan Indian motoren. Tony hat ek in eigen museum, op it bedriuweterrein fan Lemmer, fol mei in samling fan de moaiste eksimplaren. Hjir hellet hy mei syn frou Hennie (65) alles út it libben.

Hjir under de trailer: