FNP: “ien en oar op ynwennerspartisipaasje oan te merken”

FNP: “ien en oar op ynwennerspartisipaasje oan te merken”

LEMMER  – Yn de gemeenteried fan 20 jannewaris fan De Fryske Marren wie de ynwenners- en oerheidspartisipaasje oan de oarder. It plan is dat B&W, amtners, ynwenners en ried it kommende heal jier mei elkoar in pear eksperiminten oangeane. Oan de hân fan dy konkrete ûnderfiningen kin dan fan’t hjerst it partisipaasjebelied fêststeld wurde. “Gearwurkje en lústerje nei ús ynwenners, dat is it doel dêr’t de FNP har hielendal yn fine kin”, sei Jochum Meester, fraksjelid fan de FNP. De FNP is dus foar dat plan. Net allinnich de FNP, de hiele gemeenteried freget al jierren om mear partisipaasje. It past by ús mienskip dat de ynwenners in folle gruttere rol krije yn it oerheidsbelied. Jochum Meester wie dan ek ferwûndere, dat B&W yn har ynlieding allinnich de koälysje as inisjator neame. Ek fierder wie der wol ien en oar op de notysjes ‘Samenspel’ en ‘Wikselwurk’ oan te merken.

Rol ried

De rol fan de ried bij de eksperiminten is bygelyks dizenich genôch. Mar alle fraksjes tochten itselde, nammentlik dat dit proses dat al yn 2014 ynsetten waard no sa hurd as mooglik trochgean moast. De notysjes bin dêrom sûnder amendeminten fêststeld.  De ried hat wol unanym in moasje oannommen dat B&W neitinkt oer de rol fan de ried bij de nije wurkwize. Ek sil der yn alle gefallen oan it begjin in startnotysje wêze. De FNP-fraksje hat benammen ek each foar it oparbeidzjen mei de jongerein en âlderein frege. Yn de gemeente Súdwest-Fryslân organisearje se yn de mande mei skoallen projekten oer de polityk. Dat is fansels in moaie basis foar letter. “Kin dat yn ús gemeente ek net”, frege Jochum Meester, “by de riedswurkgroep dy’t hjirmei dwaande is bliuwt it no akelich stil. Yn coronatiid soe der dochs online wol wat dien wurde kinne.” Hij waard fuort útnûge om dêroer mei te tinken yn de wurkgroep en hat dat tasein yn it neipetear. Ek priizge de FNP de ynset fan De Fryske Marren Vitaal. Dy klup wol rûnom oer meitinke, alle lof hoe’t sij de partisipaasje stâl jouwe en kontakt socht ha mei de ried.
`Foar de leafhawwers noch even oer de terminology. Ynwennerspartisipaasje hâldt yn dat de oerheid in inisjatyf hat en dêr sa betiid mooglik ynwenners by belûkt. Oerheidspartisipaasje komt fan de oare kant; de ynwenners ha in plan en freegje de oerheid mei te dwaan.”