Pjutte-opfang ‘De Lemstervaart’ fan De Lemmer behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen

DE LEMMER – It wie feest op pjutte-opfang ‘De Lemstervaart’ op ‘e Lemmer. Op de lokaasje fan organisaasje Doomijn wurket sûnt 2017 ien groep mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle. Yn it ramt fan de sertifisearring wie in feest organisearre, foar de âlden en de bern. Sjoeke Kampen, har begeliedster by it twatalich wurkjen, hat it sertifikaat oan de pedagogysk meiwurksters oerlange. Sy hat ek in ferhaal fan Tomke foarlêzen, oer in stikelbaarch dy’t ek in egel neamd wurde kin.

Twatalichheid op De Lemstervaart
De Lemstervaart falt ûnder organisaasje Doomijn. Dy biedt ûnder oaren berne-opfang, pjutte-opfang en bûtenskoalske opfang yn in grut part fan Nederlân. In oantal fan har lokaasjes yn Fryslân wurket mei in twatalich belied. De Lemstervaart is har tredde lokaasje dy’t it sertifikaat behelle hat.
Op De Lemstervaart binne meardere groepen foar pjutte-opfang. Ien fan de groepen wurket mei in twatalich belied, de groep fan moandei en woansdei. It twatalich belied wurdt as folget foarmjûn: Tineke de Weerd biedt it Frysk sa konsekwint mooglik oan. Marjon Keetman docht dat yn it Nederlânsk. Op woansdeis stiet frijwillichster Esther njonken Tineke, dy praat ek Nederlânsk. De beide talen krije ek omtinken by aktiviteiten as foarlêzen en sjongen. Troch de talen dúdlik fan elkoar te skieden leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.
Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by De Lemstervaart west te sjen. Sy hifkje it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de ûntwikkeling. De kommisje skriuwt oer de taalomjouwint ûnder oaren: ‘De pedagogysk meiwurksters brûke ferskillende middelen om bern út te nûgjen te oefenjen mei har taalfeardigens, sawol yndividueel as by groepsaktiviteiten. Sy binne in VVE lokaasje en dogge in protte taalspultsjes. Dizze moarn is dat in toverspultsje mei kleurde blokjes en kaarten. De sinne is giel, de see is blau, de ierdbei is read. It bledsje is grien. Der binne ek blokjes mei deselde kleuren. Aktiviteiten: kleuren oanwize, beneame, blokjes op de plaatsjes, blokjes ûnder de doek, ien (of twa) fuort toverje. Mei hokus pokus spreuk. Beneame hokker blokje en kleur fuort is. De bern binne entûsiast en wolle hieltyd wer toverje.’ En: ‘Ik ha in prachtige moarn hân op dit pjutteboartersplak. De pedagogysk meiwurksters binne tige goed op inoar ynspile en witte it keazen taalbelied kreatyf en konsekwint hannen en fuotten te jaan. … De bern ha in prachtich plakje en de romte nûget út ta boartsjen en talige aktiviteiten. Ek kinst sjen dat de bern in protte wurdearring krije en dat der rekken hâlden wurdt mei de ferskillen tusken de bern.’

By it sertifisearringstrajekt krijt pjutte-opfang De Lemstervaart begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 250 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.