DE LEMMER – Janneke Warringa hat de Fryske taal- en kultuerpriis 2024 fan De Fryske Marren wûn. De Lemster sjongeres ferbliuwt op dit stuit yn it bûtenlân en waard telefoanysk ferrast troch de sjuery. De oerlanging fan de sjek fan 750 euro fynt op in letter tiidstip plak. Yn totaal binne der 65 nominaasjes ynstjoerd. Ferline jier wûn toanielferiening Fryske Krite De Jouwer de priis.
Sjueryrapport
Wethâlder Chris van Hes en Meindert Tjerkstra foarmje dit jier de sjuery: “Janneke Warringa is in echte ambassadrise fan de Fryske taal en kultuer yn De Fryske Marren. Se sjongt en praat Frysk, bygelyks by har teaterprogramma Ubuntu, mar ek yn oare kontakten. Se wit in soad minsken yn kontakt te bringen mei ús moaie taal. Se ferbynt en rekket minsken op ferskate wizen troch it brûken fan it Frysk. Dêrom fertsjinnet se de Fryske taal- en kultuerpriis 2024 fan De Fryske Marren.”
Wêrom de priis?
De gemeente wol it brûken fan it Frysk stimulearje. De útrikking fan de Fryske taal- en kultuerpriis op de dei fan de memmetaal is dêr in middel ta.