Praatsjes en Plaatjes fan Stoffel en Wim yn Papageno Huis drok besocht

Praatsjes en Plaatjes fan Stoffel en Wim yn Papageno Huis drok besocht Foto Jan van der Werf

DE LEMMER – Stoffel Zandstra en Wim  Swart fan Under de Hoek holden tiisjetejoon yn Praatsjes en Plaatjes yn it Papageno Huis op ‘e Lemmer. Dit yn it kader fan hun tentoanstelling Onder de Hoek . Der wiene goed 100 minsken op ôfkaam. Stoffel fertelde by alle foto’s fan eartiids in ferhaal. Nei de fotopresintaasje brochten de manlju fan Lemster Folk prachtige lieten foar it ljocht. Nei dit muzikale yntermezzo wie it tiid foar kofje of tee. Dernei folgen wer âlde foto’s en praatsjes fan eartiids en fan no.

Kwis

Ien út it publyk wiisde oan wêr’t er eartiids wenne. Hjirnei wie it wer it Lemster Folk dat in tal prachtige lieten hearre liet. Oan de ein fan de jûn wie der noch in kwis oer de foto’s dy’t sjen litten wiene. Jappie Visser wist it measte en hy ûntfong fan Stoffel en Wim in kadootsje. It wie in prachtige jûn dêr’t elkenien fan geniete hat.