10 ier Onder de Hoek: ”Heel blij dat jim der binne”

DE LEMMER – Sneon wie it 10-ierig bestean fan Onder de Hoek. Mei in tentoanstelling yn ‘ e biblioteek Lemmer mei prachtige strips, tekeningen en minsken koenen ik op ‘e foto. Wim Swart en Stoffel Zandstra joegen ön dat se hoopten dat minsken derfan geniete soenen. Stoffel nôm de exposysje de slagroom op ‘e taart.

Lemster lêsplankje

Tsien ier lyn begon Onder de Hoek mei in Lemster lêsplankje.  Dat plankje hinget no oeral önne murre, tot oan Australie ta. Sinds dy tiid meitsje Wim en Stoffel strips en bringe se selfs boeken út. Op in humoristise wize. Omdat se fine dat it Lemsters safolle mooglik brúkt wurde mei. Yn de taal fan hun hart mei humor, soms kritys en sadat minsken derom laitsje kenne. En sa sei Stoffel: Wim en ik fjilje elkör goei ön. Ik jou försetten en Wim kopt yn mei prachtige tekeningen.”

Workshop striptekenje en Lemster Diktee

De tentoanstelling is tot 11 maart te sjen yn de biblioteek fanne Lemmer. Op 17 februari is der om 15.00 oere in workshop striptekenje. För bern fanou 8 ier, mar ik grutte bern binne welkom. Op 3 maart idder in Lemster Diktee. “We binne nijsgjririg hoe jimme it Lemsters skrûje. Leuk om te sjen hoe minsken dat dogge.